Fan hearen en sizzen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Fan hearen en sizzen

 

 

In protte ferhalen bin foarhinne bard, ferteld

en betocht, mar dit ferhaal is wier bard ik haw it

sels heard. Sa wie der ris in man dy koe sa alle-

machtichst hurd ride op redens, hy wie yn steat om

syn eigen skaat efter him te litten. Sa gean der fer-

halen oer him, en as ik liich dan haw ik it net

betocht, dat op in kear soe der ek wer it iis op.

It wie wol tsien graden ûnder nul dy dei, en it iis wie

noch hiel tin mar dat deale him net om't hij sa

hurd ride. Dan hoecht it iis net sa dik te wêzen.

Hij ried fan it iene doarp nei it oare yn minder

dan tiid. Hij fleach sa ôfgryslike hurd dat hij net

seach dat der in wek foar him dage dat hij

net mear ûntwike koe. Hij fleach mei in needgong it

wetter yn, it wie kwealik te sjen en ik ha heard

dat troch it skerpe iis syn holle der ôfsnijt waard.

En troch de gong dy hij hie glied syn holle oer it

iis, en efkes fierder wie der wer in wek en yn dat

wek kaam hij wer boppe. En sa koe it barre dat

romp en holle wer krekt sa op inoar sieten as foar-

hinne en trochdat it sa fûleindich frear siet de holle

ek fuort wer fêst. Hij klaude út it wetter en is gewoan

troch riden. De man hat it nea oan in oar ferteld

it wie in grut wûnder fansels en spitich dat dêr

nimmen bij wie want ik hie soks wol sjen wollen.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes