Famkes
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Famkes

 

 

Ik bin op Klaske

en dat wol ik graach fertelle

mar dat doarst ik net

want se giet al mei Melle.

 

Ik bin ek op Sofie

mar dy leit my net sa nei

net om it ien oft oare

mar der giet Durk al mei.

 

Ik wie ek op Klaarke

mar dat is no alwer oer

die hat no stikem mei Klaas Jan

sa wurdt it in hiele toer.

 

Ik bin no op net ien

myn mem wol ik wol trouwe

want myn mem is altyd leaf

en kin ik teminsten fertrouwe.

 

Oars is der altyd noch Annelies

dy bliuwt fêst oer dat is wis

dêr kin ik altyd noch mei gean

as der oars gjin ien mear is.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes