Dope
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Leave,

 

wy ha njoggen moanne nei dy útsjoen

do bist it wûnder wert wy op wachte ha

wy binne dit rekkenskip oangongen

want dyn heit en mem hiene in winsk

en dy winsk is mei dy folslein beteard

ik ha dy salang mei leafde droegen

en wy binne tankber das't der bist

wy wolle dy alle leafde jaan

dat binne wy oan dy ferplichte

mar net elts bern hat dat foarrjocht

dat soene wy wol graach wolle,

want:

wer at de widze op ierde ek stiet

hat elts bern rjocht op leafde

wer at de widze op ierde ek stiet

hat elts bern rjocht op feiligens

wer at de widze op ierde ek stiet

hat elts bern rjocht op frede

wer at de widze op ierde ek stiet

hat elts bern rjocht op in takomst

mar dat giet sa faak ferkeard

 

wy hoopje dat wy dy leafde,

feiligens, frede en takomst

wol oan dy jaan kinne

wy wolle dy graach behâlde en behoedzje

foar gefaren en ûnrjocht

dêrom lizze wy dyn namme

hjoed yn Gods hannen en hoopje

dat it streamende wetter op dyn holtsje

stean mei foar de barmhertigens,

oprjochtens en golhertigens

yn dyn fierdere libben

dat dyn leafde streame mei as it wetter

wêrmei as't dope bist út namme fan de Heit,

de Soan en de Hillige Geast

wy sille besykje om dy yn'e geast fan it

foargeande op te bringen ta in folweardich minske

mar das't foaral dy sels wurde meist en wêze kinst

en dat wy dy ek wer los litte kinne

sadatst dyn eigen paad rinne kinst

dêrby wolle wy der altyd foar dy wêze

sawol by fertriet en pine oft by gelok

omdat dy ferantwurdlikens ús is tabetroud

want dit bern fan ús is ek God's bern.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes