Doop gedicht
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Leave,

 

út leafde ûntstien en dernei

ha ik dy mei leafde droegen

dyn libben wie al te fielen

myn bûk knapte hast út'e foegen

do bist alles wat wy woene

en wy binne och sa wiis mei dy

do bist ús earste berteling

it gelok foar dyn heit en my

 

noch net skeind troch ferdjer

as't yn dyn widzke leist

wy hoopje datst as in flinter

troch it libben fladderje meist

fleurich, frij en in eigen rûte

sûnder soargen en oprjocht

wy wolle dy dat graach meijaan

want net elts bern hat dat foarrjocht

 

at de dripkes op dyn holtsje falle

wurdt dyn namme oan God tabetroud

as't fan dyn paad ôfwykst treurje dan net

omdat Hy dy dat wol ferjout

wy sille goed op dy passe

do bliuwst in bern fan ús

en as't it yn dyn libben swier kryst

is der foar dy altyd in thús

yn oktober bisto berne

dat sille wy nea wer ferjitte

hjoed bisto dope

en dat woene wy eltsenien witte litte.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes