Do (sonnet)
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Do (sonnet)

 

 

Do waanst dy yn myn dream

mar ik sjoch dy der net

do waanst dat ik dy der neam

mar fan dy is gjin ferlet.

 

Do kinst dyn eigen man wol sjitte

mar bist dochs syn frou

do wolst him wol graach ferlitte

mar dochs bliuwt hy dy trou.

 

Bist beheind yn dwaan en litten

it besnijt dy oant sa fier

dus bliuwst mar ûnfrij sitten.

 

Foarhinne mei alles sawat blier

no, dyn houliks kar ferjitten

en dan is it libben och sa swier.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes