Djip yn my
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Djip yn my

 

Achttjin wike ûnderweis

ik en do, myn stille genoat

djip yn my hold ik fan dy

ik wie mei dy sa bliid

 

no moat ik sûnder fierder

mei leechte en sil nea witte

wa asto wiest, spitich genôch

bliuwt dat foar altyd ferskûle

 

in spesjaal stekje sil

yn myn memme hert

foar dy altyd bliuwe

do, myn nea berne leafde.

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes