De sjonger
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

De sjonger

 

 

Alle dagen te sjongen dat is wat ik wol

altiid ûnderweis myn aginda dy stiet fol

muzyk is as doping, it lit my net los

it makket my fleurich en jimme derby

en de leave froulju stean altyd foaroan

mar yn myn dreamen kin ik soks wol oan.

 

Ik sjong sa myn lietsjes mei in hiel soad gefoel

op'e planken ha ik mar ien doel

froulju raase en tiere en wol my fersiere

soms is't my tefolle en draait my de holle

want de leafste froulju stean altyd foaroan

mar yn myn dreamen kin ik soks wol oan.

 

Ik sjong wat jim wolle in fleurige deun

myn gitaar is my derby altyd ta steun

en tûzenden minsken ha my al heard

hja komme altyd wer en krij net genôch

en kreaze froulju stean altyd foaroan

mar yn myn dreamen kin ik soks wol oan.

 

Ik bin in gewoane jonge mei in bulte talint

en derby bin'k noch in aardige fint

dat kin ik net helpe sa bin ik iens makke

myn fans dy bin talryk en trou boppedat

en leave froulju stean altyd foaroan

mar yn myn dreamen kin ik dy wol oan.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes