De ko fan Berny Lo
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

De ko fan Berny Lo

 

 

Berny Lo hat in ko

en dy ko fan Berny Lo

dat is in myte

want dy ko fan Berny Lo

dy woe net ite.

 

Berny Lo is in Sinees

en dy makket satees

dat sjocht syn ko net sitten

dy wol net oan in stokje

en seker net yn it wokje.

 

De ko fan Berny Lo

is in hiel knappe ko

fet wol hy net wurde

oars komt hy yn'e bami

of wurdt samar salami.

 

Berny Lo hat him betocht

en syn ko ferkocht

hy hat him lekker iten jûn

en, sa at syn ko fersocht

hielendal nei Fryslân brocht.

 

De ko fan Berny Lo

stiet leaver foar de show

jim kin him allegearre sjen

yn Ljouwert stiet hy no

dy ko fan Berny Lo.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes