De eigenwize frou
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

De eigenwize frou

 

 

Der wie ris in boerke dy't in alderferskuorrendst eigenwiis wyf hie. Yn it begjin fan harren houlik gong it noch wol en tocht hy dat it nei ferrin fan tiid wol oer gean soe.

Mar yn stee fan dat waard it alinne mar slimmer.

Hja waard aloan noch gekker mei har sels. It wie in moaie frou

dat wie wol wis, mar om der no sa mei te pronkjen dat fûn hy wol wat te folle fan it goede. It narcisme dripte derôf.

En wat dwaan, ho mar. Al tiden hat hy der oer neitocht wat hy der no oan dwaan koe. Op in nacht krige hy in dream, en troch dy dream wist hy it, dat gean ik dwaan tocht er. Hy socht in keunstner op en frege as dy syn plantsje ek út fiere koe. Dy fûn it in frjemd fersyk mar soe dwaan wat it boerke him frege.

 

De oare deis sei it boerke tsjin syn frou dat se mei moast om't hy in ferrassing foar har hie. Hja gongen nei de keunstner en de keunstner gong oan'e slach.

Hy makke in bleat byld fan it boerke syn frou, sa echt, dat it net fan

echt te ûnderskieden wie. “Do bist sa moai”, sei it boerke tsjin

syn frou “dat ik der in byld fan ha wol.”

De eigenwize frou waard noch eigenwizer en wie tige optein.

Thús kommen sette it boerke it byld yn'e tún tusken de

appel en parrebeammen, sadat eltsenien it sjen koe.

 

Op moaie dagen helle it boerke it byld der wei en pleatste

syn bleate frou der foar yn't plak.

Dat fûn hja wol moai en opwinend en wie tige op skik dat it boerke sa'n soad fan har hâld en har sa moai fynt. Nimmen hie der erch yn en hy wie syn frou efkes kwyt as dy der moai stie te wezen.

De minsken fûnen it skande, en sprutsen de frou der op oan. Hja

skamme har dochs wol in bytsje en frege it boerke om it byld der wei te heljen.

 

“Nee” sei dy “want do wurkest tige goed as fûgelferskrikker foar myn

appels en parren en boppedat asto dêr stiest bist einliks fan nut ek al dochst neat.”

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes