Dûmny
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

 

 

Preken (Rûndiel)

 

Us Dûmny hat faak fan dy frjemde streken

de âlderlingen ha der muoite mei

it sit har altyd tige yn'e wei.

Want Dûmny hat foar har hiel faak gjin preken

hy preket wol yn djoere discoteken.

Dûmny sei dat it oan de froulju lei.

Us Dûmny hat faak fan dy frjemde streken

de âlderlingen ha der muoite mei.

It binne klearebare judasstreken.

Syn ynspiraasje krige in oare draai

dy âlderlingen mei harren geklaai.

Mar dêr is dûmny moai net foar besweken.

Us Dûmny hat faak fan dy frjemde streken.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes