By Holwert op'e pier
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

By Holwert op'e pier

 

It wie op in simmerjûn

dat ik myn famke fûn

krekt oer de tweintich jier

sa kreas en sa blier.

 

Ik spruts har samar oan,

se sei "Ik kom fan ‘t Amelân

en ik wachtsje op it fear."

It wie mar in koart petear

mar ik wie fuort yn'e bân

fan it famke fan ‘t Amelân.

By Holwert op'e pier

it plak wêr't ik har fûn.

By Holwert op'e pier

wêr't ik my oan har bûn.

 

It wie op in simmerjûn

dat ik har dêr wer fûn

krekt as ferline jier

stie se op'e pier.

Se sei "Ik bin noch frij."

Dat wie gelok foar my.

Ik naam har by de hân,

myn skat fan ‘t Amelân.

Ik krige myn earste tút

en de leafde bruts my út.

 

By Holwert op'e pier

krige ik myn earste tút.

By Holwert op'e pier

der bruts my de leafde út.

 

It wie op in simmerjûn

dat ik dêr wer rûn

en seach in pearke stean

dat famke moast ek gean

lykas myn earste kear.

Mar no gean ik mei 't fear

nei myn leave frou.

Smyt mar gau los dat tou

en bring my no aloan

nei myn frou op ‘t Amelân.

 

By Holwert op'e pier

haw ik my oan har jûn.

By Holwert op'e pier

der ha'k myn leafde fûn.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes