Buorfrou
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Buorfrou

 

 

Ik haw in moaie buorfrou fan ik tink sa'n tritich jier

en as ik har oanskou dan wurd ik och sa blier

ik stean yn reade gloed troch har krij ik gjin rêst

foar't hert is't net sa goed mar oant no ta giet it bêst

 

marrrr, myn frou fynt dat net goed

myn frou fynt dat net goed

myn frou fynt dat net goed

fan dat frommes fan hjirnêst.

 

Ik ha op har gjin eachje myn eachje sjocht mar wat

hja mei my wolris pleagje, it is sa'n leave skat

en op har strakke kontsje der hinget lang blond hier

foar my is't gjin dom blontsje hja jout in soad plezier

 

Se hat noch gjin ferkearing mar sa no en dan in man

hja docht net oan ferearing se hat har eigen plan

en earlik tsjin jo sein feroaret dat ek net

as buorman bin'k optein en ha fierder gjin ferlet

Ik bin dan wol har buorman mar krij it faak benaud

myn frou dy seit dat se my noch wol fertroud

dat ik nei buorfrou sjoch is myn skuld dochs net

de natoer dy giet syn gong en dy hat syn eigen wet

 

marrrr myn frou fynt dat net goed

myn frou fynt dat net goed

myn frou fynt dat net goed

fan dat frommes fan hjirnêst.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes