Bonifatius
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Bonifatius

 

 

dy Bonne, Bonifatius

wie yn tsjinst fan syn grutte Hear

yn Dokkum is hy ûntholle

preekje koe hy dêrnei net mear

al soe hy noch sa graach wolle

 

hy kaam oer it wetter en lân

soe Redbad efkes bekeare

de kening fan it Fryske lân

en him de godstsjinst wol leare

 

yn it heidenske Fryske lân

wie fan syn geloof gjin ferlet

dêrom moast hy it ûntjilde

want de Friezen moasten him net

 

Bonifatius hie in doel

mar kaam yn Dokkum oan syn ein

wer at syn misje doe ferfoel

want der ha se syn kop ôfslein

 

dy Bonne, Bonifatius

wie yn tsjinst fan syn grutte Hear

yn Dokkum is hy ûntholle

preekje koe hy dêrnei net mear

al soe hy noch sa graach wolle

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes