Bijke
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Bijke

 

 

Op in dei doe't Bijke wei wie

Socht syn baaske om syn hûn

En hy ropte wêr is Bijke

Hy socht oeral yn it rûn

En hy ropte wêr is Bijke

Hy socht oeral yn it rûn

 

Hy bleau sykjen om syn hûntsje

Fan moarns ier ta lette jûn

Wie hy dea of net te finen

Och wat miste hy syn hûn

Wie hy dea of net te finen

Och wat miste hy syn hûn

 

Troch it missen fan syn Bijke

Die syn âlde hert him sear

By it needlot wat doe folge

Gong it baaske nei de Hear

By it needlot wat doe folge

Gong it baaske nei de Hear

 

Bijke woe wol graach nei hûs ta

Mar hy hie in goed ekskús

Troch in auto slim ferwûne

Kaam hy dagen letter thús

Troch in auto slim ferwûne

Kaam hy dagen letter thús

 

No is Bijke hiel allinne

En komt fan syn plak net ôf

Want al wiken past it hûntsje

Op syn baas dêr op it hôf

Want al wiken past it hûntsje

Op syn baas dêr op it hôf

(meldij 'achter in het stille klooster' Zangers zonder naam)

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes