Babyboomers
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Babyboomers

 

 

Sjouke en Klaske twa minsken fan efter yn'e fiiftich hiene

harren libben lang wurke yn harren graasje bedriuw en hy hie it

as monteur no wol hân.

Hja ferkochten it spul en soene harren wol rêde kinne oant Sjouke

AOW krij sil. Der wie wol safolle dat der ek noch in Kamper

oankocht wurde koe, want se woene der wol op út nei waarmere

oarden. Der wie no wol tiid foar en fakânsje hiene se net

folle hâwn yn ôfrûne jierren.

 

As Sjouke en Klaske der opút wiene en wer in plakje fûn hiene,

bygelyks yn Frankryk dan stalden hja de kamper en gongen mei

harren twaen de omjouwing ferkennen. As der in winkel yn'e buert

wie dan moasten hja ek efkes boadskippen dwaan, dan koene hja

harren efkes rêde. Op it momint dat se der wer wiene wie it boppe

de tritich graden en dat wie foar Sjouke eigentlik wat te hjit. Hy

die oars neat as switfeien en om't it sa makkelik is brûkte Sjouke

oar it switfeien serfetsjes, it nimt lekker op en je kin sa in nijen ien

pakke. Mar sûnt in oantal dagen moasten de minsken

dy dat seagen der wol om laitsje.

 

Dat komt namentlik sa;

op in dei sei Klaske dat de servetten praktysk op wiene en

dat der nije komme moasten, hja soene der by it folgjende

boadskipjen omtinke. Doe't hja dernei wer yn'e kamper

wiene frege Klaske oft Sjouke ek servetten meinommen hie en

neffens Sjouke wie dat wol klear, it wie al wat in grut pak,

mar dat sil wol opkomme mei disse hjitte. Letter dy dei wiene

Sjouke syn servetten op en frege Klaske om nije. Yn'e kamper

hearde Sjouke syn Klaske tige laitsjen. Want Sjouke hie “servette”

mei nommen, net wittende dat soks yn it Frans "moanne ferbân"

foar froulju is. Sûnt dy tiid switfeit Sjouke dus mei tampons

syn holle, want Klaske sei: “It nimt lekker op en do kinst sa

in nijen ien krije, want wy kin wol in jier foarút”.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes