Allinne
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Allinne

 

Do bist net mear bij mij, myn leafste,

sûnder dij bin'k no foar altyd allinne

alles wat wy mei ús beiden hân ha,

nim ik mei, foar de rest fan myn libben

 

sa at it wie sil it nea wer wêze leafste,

it fuort gean en thúskommen is no oars

de wille is mei myn libben útskuord,

bij alles wat ik doch sil ik dij misse

 

nea wer sil ik mei dij oerlizze kinne

en oan dy leechte kin ik net wenne

nea wer dyn earm om mij hinne fiele

myn leafste, ik fiel mij sa allinne

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes