Allinne mei de blues
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Allinne mei de blues

 

 

Al myn leafde ha ik dy jûn mar do sliepst leaver mei dy oar

Alles wat ik ha bin ik kwyt do wiist my no de iepen doar

Mar myn gitaar dy nim ik mei dat is myn aller bêste freon

Mar myn gitaar dy nim ik mei wy bliuwe altyd byelkoar

 

Alles wat ik hie bin ik kwyt

Ik ha allinne noch de blues

Alles wat ik hie bin ik kwyt

Ik ha allinne noch de blues

 

Har leafde kin ik net diele dat is wat ik har witte lit

Nei ien skot lei se op'e grûn wer foar ik no yn'e sel sit

Mar myn gitaar dy nim ik mei en spylje de blues yn'e sel

Mar myn gitaar dy nim ik mei myn leafde dy my net ferlit

 

Nei ien skot lei se op'e grûn

Ik spile doe foar har de blues

Nei ien skot lei se op'e grûn

Ik spile doe foar har de blues

 

Ik wyt wer at ik it oer ha noait wer sa'n los wyf foar my

Dan bliuw ik noch leaver sûnder, leafde foar blues giet net foarby

Want myn gitaar dy nim ik mei en spylje de blues yn'e sel

Want myn gitaar dy nim ik mei en fiel my no ferdomde frij

 

Alles wat ik hie bin ik kwyt

Ik ha allinne noch de blues

Nei ien skot lei se op'e grûn

Ik spile doe foar har de blues

Ik fiel my no ferdomde frij

En bin allinne mei de blues

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes