Akke Ka
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Akke Ka

 

Gerryt en Akke Ka binne al trije jier byinoarren. Wêr bliuwt de tiid! En it ferfeelt harren noch lang net. Gerryt is in bêste jonge en altyd kreas yn it swarte pak, mar Akke docht perfoarst net foar him ûnder. Altyd tige op ’t skik, lykas no ek, no’t de drokke tiid der wer oankomt.

Hjirûnder in monolooch fan Akke tsjin har buorfrou:

 

“Wy passe alhiel byinoarren, myn Gerryt en ik binne tige opinoar ynspile en wy hawwe in gaadlik plakje om ús neiteam grut te bringen. Jo moatte ek in kear genôch ha, sis ik altyd, sjoch.

 

Wy binne al lang bliid dat wy ús âlde stee wer brûke kinne. Och ju, ik bin sa wiis mei ús plakje, hè, mei útsjoch op it easten, want ik ha altyd tsjin myn Gerryt sein, ik wol oeral wol hinne, mar ik wol net op it westen sitte. Dêr fyn ik neat oan, sis ik altyd, sjoch, dy hurde westewyn en altyd wiet en klam, nee, wy ha it goed by Sjoerd en Tineke ûnderdak, sjoch.

 

No noch efkes wat nêstguod oantôgje, dan kin it lizzen oangean, sjoch. Us bern fan ferline jier binne ek goed terjochte kommen, hear, al is ien wol wat fier fuortgien. Sa no en dan geane wy dêr wolris hinne, mar in oere hinne en in oere werom, it is in hiel geflean, dat moat ik jo sizze, en wy wurde ek âlder. Myn Gerryt seit gauris dat dy bern harren no mar rêde moatte en sa ís it, der binne aanst wer nije bern en dan moatte wy dêrop passe, sjoch. Ja, myn Gerryt is foar in Ka tige wiis, hear.

 

Juster skrok ik my de fearren sawat út ’e kont. Hie ien fan ’e minskebern fan ’e buorlju in bal op it dak skopt, krekt op ús panne fansels, wylst ik krekt efkes op it nêst lei. No, ik hie it net mear, moat ik sizze en in spontane berte fan ús earste aai lei op ’e loer, mar och, efkes in bytsje knipe, dan giet soks ek wol wer oer, hear, jo moatte wat nimme en jaan yn it libben, sis ik altyd, sjoch.

 

Myn Gerryt fljocht op it stuit efkes in rûntsje, sjoch, sa neam ik dat mar. Hy is dan wat ûnrêstich, sjoch, en moat dan efkes by de oaren lâns. Mei in hiele kloft sitte hja dan te praten. Ik bin der ek wol ris by, mar it is weismiten tiid, sis ik altyd, sjoch, mar hy hat it nedich, dat seit er teminsten. Mar hy wit dêrtroch meastal wol wêr’t it measte fretten is, sjoch. Soms sit ik der wolris in bytsje oer yn as er dêr is, want myn Gerryt is in fersierder, hear, en guon froulju ha altyd de kont omheech, sjoch, dat sadwaande. Hy moat de wjukken net nimme no, want dan is er noch net klear mei my, sis ik altyd tsjin myn Gerryt, sjoch, en dat wit er ek wol, hear.

 

Ik sei hjoed tsjin myn Gerryt: it nêst is sa wol ôf, tinkst ek net? Want och, it komt altyd sa krekt by him, hè, in takje hjir en dêr, en dan moat dat wer in bytsje oars, ik wurd der soms wol wat krigel fan, hear, mar ja, it is en bliuwt myn Gerryt, no? Yn oare dingen is er net sa krekt, hear, want hy skyt mar del wêr’t it him útkomt. Dan sis ik tsjin him, tink der dan in bytsje om! Lêsten ek, hied er ús eigen panne der ferdoary net hielendal ûnder skiten?

‘No, dat reint der wol wer ôf’, sei er.

Okee, mar ik hâld de boel graach in bytsje himmel om hûs en hear, sis ik altyd, sjoch. Soks kin dochs net?

 

No is it safier dat ik moarn it earste aaike wol lizze kin, sjoch, en boppedat begjint it no dochs wol wat te boljen yn it liif. De tarieding hat lang genôch duorre. Do silst ek hast wol safier wêze, tink, en as it tiid is, is it tiid, sis ik altyd, sjoch, en dan moat it barre, dêr is gjin ûntkommen oan. Dan kinne wy aanst in pear wike bekomme foar’t wy ús it hinne en wer fleane mei wjirms, rûpen, in stikje bôle of sokssawat, sjoch. Fan moarns ier oant let yn ’e jûn, want wy kinne dy berntsjes fan ús net ferhongerje litte, no? Do wist wol dat wy goed op ús behâld passe fansels, want jim sieten ferline jier hjir ommers ek, no?

 

No ju, ik sil dy net langer oanhâlde en flean noch in rûntsje toer. Dan gean ik aanst op it nêst. Gerryt sil hast ek wol thúskomme, sjoch, want it wurdt al aardich skimerich en ik ha moarn in drege dei, sjoch, dus oant sjen mar wer, hear, en de groetnis oan Jaap.”

 

En fuort wie Akke Ka.

 

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes