Aaisykjen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Aaisykjen

 

As de snie út 'e wei en it iis út de sleatten teit is

de loft suver swier is fan'e maitiids lucht

dan begjint it hert fan 'e betûfte aaisiker hurder te slaan

noch efkes wachtsje dan kin hy it fjild yn, dat is wis.

 

As de 'fûgelwacht' yn 'e bus falt, lûkt it lân

de natoer bliuwt net efter en is alwer yn tarieding

foar in minske mei leafde foar de natoer, is it no de tiid

en hat hy de striid mei de ljip en minsk yn eigen hân.

 

Want it earste aaike fine is in grutte Fryske eare

mei it langjen fane dagen ha hja oars gjin tiid

as mei in pols op it skouder it fjild yn rinne

in Fryske tradysje, dy't hja fan jongs ôf oan al leare.

 

Oan neisoarch binne hja dan noch net ta, dat komt letter

de earste aaikes wurde dochs meast wei, spitigernôch

troch de froast of it ploegjen ha hja net sa folle kâns

hoedzje troch neisoarch is foar it broedsje better.

 

Aaisykje, de neisoarch en foaral de achtinge foar de natoer

it heart by Fryslân en syn kultuer, it lân en de minsken

lit it foaral sa bliuwe foar ljip, de aaisiker en tradysje, want

de natoer is holpen, de aaisiker lokkich en noflik foar de boer.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes