Prosje
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

In stikje oer my skriuwe? út 1987

 

Jan Willem Prosje berne op 2 july 1905 yn Tsjummearum.

No al yn de âlderdom fan 82 jier mar soms liket it at de tiid stil stien hat, want iens op ferhaal is it krekt oft is alles noch mar krekt lyn.

Mei de jiertallen hat Prosje wol ris wat muoite en seit 'Ik sil de frou wol efkes freegje, want dy wit soks folle better as ik' Op´e legere skoalle hat Prosje by juf Kamminga, meesters Ennema en Tol yn´e klasse sitten. Fan in âlde skoalfoto dy´t ek yn´e Ljouwerter Krante stien hat wit hy noch wol bekenden oan te wizen.

Der stiet ek in meester op hokker folgens Prosje in soad dronk. 'Wy wisten dat doe net mar fral de arbeidersbern krigen in soad op´e bealch', ferfolge Prosje en sei dat meester syn buorrel dronk op knibbels achter de lessenaar. Om de dranklucht te ferdoezeljen iet meester in soad pipermuntsjes wat wol wat fertocht wie.

 

Der barde altyd wol wat op skoalle moai wie dat net altyd, lykas at ien fan´e âlders op skoalle kaam en dan tekear gong tsjin de meester.

As alve jierrige kaam Prosje fan de legere skoalle ôf en gong mei syn heit nei boer T. Hoogterp om op it lân te wurkjen.

'Letter ha ik noch by in boer yn Frjentsjer wurke, mar dat wie neat wurdich'. Prosje moast der de hiele dei wurkje en krige dan jûns om in oer oft njoggen pas waarm iten. 'Dat wie my fiersten te let, en dêrom bin ik der doe mar wei gien'. It liket wol as at hy der no noch mei sit.

In protte fertier wie der doe net foar de jongerein. Wat se graach dwaan mochten wie keatsen en dat diene se at se efkes frij wiene, foaral sneins wie der tiid foar. Yn dy tiid lei it wol wat gefoeliger, want neffens oare minsken mochten je op snein net keatse. Dochs keatste Prosje en syn freonen op snein en op in kear kaam plysje Bijlsma om de jonges út´e keatsgreide te stjoeren.

'Wy ha him doe mei wat grutte jonges by kop en kont pakt en yn´e sleat smiten en doe koene wy wer fierder keatse'.

Op 4 maaie 1933 is Prosje yn it houlik treden mei Fettsje Hoekstra berne te Stiens.

Doe moast der bôle op´e planke komme en njonken it wurk by de boeren hat Prosje ek noch as stoker wurke yn´e gasfabryk fan Tsjummearum.

Prosje wyt net hoenear at hy krekt mei de hannel begûn is mar nei it sykjen fan syn fergunning bliek dat yn 1957 west te hawwen. Foarôf geand troch kursussen hat Prosje it eksamen bekwaamheid foar lytsfee yn Amersfoort helle en foar it grut fee moast hy dêrfoar nei Utert wat hy ek mei goed gefolch helle hat. Yn it begjin wie it fansels net sa maklik om in stikje bôle te fertsjinjen mei de hannel en dêrom wiene de neven baantsjes sa as skiep-skeren wol needsaaklik.

De konkurrint yn Tsjummearum wie Jan Draaier en dy wie al net sa jong mear en dy hie njonken de hannel de needslachting der by.

Doe hat boargemaster Duiker my noch frege oft dat ek wat foar my wie, en sadwaande ha ik de needslachting der ek by krige.

Dat wie ideaal foar my om neist myn hannel op tiisdei yn Snits en freeds yn Ljouwert.

Hannel is hannel en jo moatte no ien kear leardersjild betelje, want je ferlieze wol ris wat en je winne der wol ris wat oan.

Sa njonkelytsen 'krige´ Prosje mear en mear boeren yn Tsjummearum en sadwaande begûn syn hannelskip te groeien.

Der is my ek wol ris wat fee ûntstellen en sa ha ik alris in ram út Greens werom krige, mar fan in geit dy´t yn Purmerend is beloane ha ik allinne it feltsje werom krigen. Ach mei de needslachting waard der ek wol ris in eagje taknepen, der belibben je ek wat, mar der ha ik noait oer praten, sa bin ik net'. It gong der wol ris bûten it boekje om sil ik mar sizze.

Unskeind is Prosje der net foar wei kommen, benammen syn rêch wie in min plak en dêrom hat hy ek yn it sykenhus lein.

Neffens Prosje hie syn keamergenoat fan doe in ferkearde operaasje ûndergien de man run op krukken en wie der min oan ta.

Och dy dokter dat wie in hampelman, hy soe my ek operearje neffens in foto, ik hie dy man net sa heech. Prosje hat him altyd steande hâlde kinnen ek al wiene it soms barre tiden. Nei in hiel skoft op de hearewei, wenje Fettsje en Jan Prosje no yn in bejaardewenning oan de Johan Roordastrjitte yn Tsjummearum.

 

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes