Broerke
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Myn broerke

 

Myn broerke is hiel fernuftig

foar him is it hiel gewoan.

Skroefkes en moerkes neam mar op

wekkers, radio's of tillefoan.

 

Yn in mum fan tiid hat hy it útelkoar

hy leit alle skroefkes yn in fakje.

Sa hâld hy alles in bytsje út inoar

ek de moerkes komme yn in bakje.

 

Heit syn skearapperaat wie mar maklik

de walkman fan my de muoite net.

En sa komt alles in kear oan bar

hy fynt it sels wol cool en vet.

 

Dan hat hy alles útelkoar en seit:

“No wyt ik hoe at it wurke hat

it is no net mear te meitsjen

mem moatst mar nij keapje, sa is dat.”

 

It hat mem al moai wat koste

en it giet hyltyd ferkeard.

Want it guod wer ynelkoar sette

dêr hat myn broerke noch nea fan heard.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes