Kninesykte
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Kninesykte

 

“Dyn knyn is siik”, sei heit,

“wetterige eachjes en in bytsje opset,

hy hat fêst de kninesykte,

hy sil wol deagean, lang om let”

 

Us heit hie wol gelyk,

ik ha no gjin knyntsje mear.

Wy ha him bedobbe yn ’e tún

en dat die wol in bytsje sear.

 

Sa’n earm knyntsje samar dea.

Ik ha der wol fertriet fan hân.

It hokje is no sa leech

en dat is foar my net gewoan.

 

Buorfrou wie by ús mem.

Se wie net al te al te, sei hja,

wetterige eagen en in bytsje opset.

Buorfrou sil wol de kninesykte ha.

 

Heit sei “Dat krije minsken net,

it sil wol in grypke wêze of sa.”

Mar dat fyn ik net earlik.

Wêrom koe myn knyn gjin grypke ha?

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes