Kees Sinees
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Kees Sinees

 

 

ik trof him op fakânsje hij sei fan ik hjit Kees

wy rekken oan'e praet hij swetste oer syn lân

ik fertrouwde it al net want Kees is in Sinees

as immen och sa beard dan begjin ik oer Fryslân

 

yn myn lan is ek alles; skans springe yn “New Skoans”

en yn'e alpen fan Fryslân apré ski yn “Apfelsjade”

bolleride op'e prairy of op'e steppe by “New Beets”

 

ik trof him op fakânsje hij sei fan ik hjit Kees

en Kees sei dy namme is hiel bekend yn syn lân

mar mei Kezen yn Sina tink ik oan wat oars

as immen och sa beard dan begjin ik oer Fryslân

 

palmbjimmen en wyt stran op eilannen as “La Vlilânde”

dûke by de rotskusten fan costa del “RED KLIFFS”

wetterskië op binnenseeën by regatta op “La Lemêr”

 

ik trof him op fakânsje hij sei fan ik hjit Kees

hij hat ek trije foulju sei'r dat mei wol yn syn lân

fan der al dy Sinezen dy't fan Kees ofstamme

as immen och sa beard dan begjin ik oer Fryslân

 

oerlevings tochten meitsje op it idiliske “Isla Amelande” paraseile of klimme op de "Alte Hoe" yn “Lionarden”

op safari yn Gaasterlân dat en noch folle mear

 

ik trof him op fakânsje hij sei fan ik hjit Kees

hij stiet wer yn'e keuken syn dreamen bin foarbij

de loempias en bami dy flean wer yn it run

hij koe wer efkes swetse mar sa wie it net foar mij

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes