Jikke
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jikke

 

Mar Jikke dy woe fierder

Jikke woe graach mear.

Jikke woe sa hurd se koe

en dêrnei noch in kear.

 

Jikke gong op har autopet

hielendal nei Beppe ta

mar se woe folle fierder

want se socht de hoempapa.

 

Jikke gong op har fyts

jûns nei dûnsles ta

allinne mar om te sjansen

en dêr begûn de hoempapa.

 

Jikke gong yn har auto

nei har feintsje ta

efkes mei him frije

want Jikke fielde hoempapa.

 

Jikke efter de rollator

op har leeftiid olala

woe se noch in kear

it gefoel fan hoempapa.

 

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes