Ried mei myn truk
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Ried mei myn truck nei Earnewâld

 

 

 

Ik stek myn earste sjekje oan riid mei myn truck nei Earnewâld

Ut de radio komt Johnny Cash ik libje yn myn eigen wrâld

Yn myn kabine bin ik frij en foar it rut dêr stiet Monroe

Ik bin wat oan de lette kant en jou it gas noch mar in wâld

 

Riid mei myn truck nei Earnewâld

En dernei let wer op nei hûs

Dizze frijheid is myn libben

Underweis hear ik nei de blues

 

Ik seach har by in pomp stasjon en wist net wat ik achter liet

Ik stuts myn twadde sjekje oan wylst dat troch myn holle giet

Lústerjend nei Johnny's song ha ik myn kombinaasje keard

Riid wer nei it pomp stasjon te sjen oft har auto der noch stiet

 

Riid mei myn truck nei Earnewâld

En dernei let wer op nei hûs

Dizze frijheid is myn libben

Underweis hear ik nei de blues

 

Bin ûnderweis nei Earnewâld en fiel my dizze dei sa ryk

Seach te lang nei myn famke mei dikke beammen lâns de dyk

Fan myn truck is neat mear oer fan myn famke folle minder

Heare, straf my foar wat ik die en nim myn libben mar gelyk

 

Riid mei myn truck nei Earnewâld

Dat wie de aller lêste kear

De rjochter sil wol beslisse

Frijheid fertsjinje ik net mear

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes