De Waadfisker
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

De Waadfisker

 

hy libbe op it ritme fan eb en fan floed

de lytse fisker, wie doe master oer it waad

mei it boatsje op it wetter siet yn syn bloed

mar sjoch, dêr is no net mear as slik by it haad

 

der sit in fiskersman achter it rut oan de seedyk

syn houten boatsje leit al jierren lang droech yn it dok

mei it boetsjen en syn netten is it al krekt gelyk

ek net mear fisken droegje op de rekken by it hok

 

it waad is it waad net mear en noch even dan leit it droech

de âlde fisker sjocht de minsken wol kommen en gean

wêr't it wetter wie en hy al dy jierren omsloech

rinne no minsken nei it eilân ta yn loftige klean

 

der sit in fiskersman achter it rut oan de seedyk

en syn tinzen binne by sa'n sechtich jier ferlyn

it wurk wie swier en makke de fisker dêrmei net ryk

mar antlit en hannen binn' tekene troch waar en wyn

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes